Dokters Ruslân yn it MCL

De kiel-, noas- en ear-ôfdieling fan it MCL Ljouwert wurdt kopieard. Yn Katar wurdt in sikehûs krekt sa ynrjochte as de Ljouwerter ôfdieling. De Russen hawwe ek ynteresse. In groep fan 17 dokters út Ruslân wie moandei op besite om te sjen wêrom't it sa goed wurket. De behannelkeamers yn it MCL binne sa ynrjochte dat de pasjint goed ta syn rjocht komt. In soad fan de behannelings kinne op de ôfdieling dien wurde. Der wurdt effisjinter wurke en dêr profitearje de pasjinten wer fan. Yn Ruslân wurdt de lêste tiid in soad ynvestearre yn de soarch.