Eask 12 jier sel yn saak Eker

Tsjin twa Amsterdammers is moandei foar de rjochtbank tolve jier sel easke fanwege de moard op Henk Eker fan Easterwâlde. Dy waard jannewaris ferline jier deasketten, fanwege in mislearre drugsdeal.
It iepenbier ministearje basearret him by de eask op de ferklearring fan in tsjûge, mar neffens de Amsterdammers is dy tsjûge net betrouwber en júst de dieder. It iepenbier Ministearje kin him dêr net yn fine en komt dêrom mei de strafeask tsjin de twa. Wol tsjinnet der letter mooglik noch in saak tsjin de tsjûge.
De útspraak tsjin de iene fertochte is oer twa wiken, tsjin de oare oer trije wiken, omdat syn saak noch net hielendal ôfhannele is.