Winkel foar finansjele help

Minsken mei finansjele problemen kinne tenei mei ien besite help krije fan in ferskaat oan ynstânsjes. Under oare Humanitas, it Yntertsjerklik Diakonaal Oerlis en it Frysk Gearwurkingsferbân Utkearingsgerjochtigden (FSU) sille fan takom wike ôf mei-inoar help biede oan minsken mei finansjele problemen.
Minsken kinne dan alle moandeis yn Frjentsjer en Harns telâne foar finansjeel advys. Hieltyd mear minsken bedarje yn finansjele problemen en hawwe ferlet fan help.
De organisaasjes wolle mei de gearwurking foarkomme dat minsken fan it kastje nei de muorre stjoerd wurde.