Almere City wol Van der Heide

15 feb 2012 - 12:06

Almere City hat fiergeande ynteresse om Sandor van der Heide nei dit seizoen oan te lûken. It kontrakt fan Van der Heide by Sportklup Cambuur rint ôf en hy is sadwaande transferfrij. Earder toanden ek Go Ahead Eagles en FC Emmen al ynteresse foar de middenfjilder.

Van der Heide befestiget dat der kontakt west hat mei Almere City. 'Het is serieus en ik sta open voor een contract', sa seit Van der Heide. De Snitser wol noch graach troch yn it betelle fuotbal. Cambuur wol pas yn maart prate oer kontraktferlinging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)