Brân: plysjeburo 5 wiken ticht

Brânwacht © ANP XTRA
It plysjeburo oan de Strjitwei op De Lemmer is as gefolch fan in koarte brân de kommende fiif wiken ticht. De brânwacht hie de brân dy't begûn nei koartsluting yn de technyske romte, gau ûnder kontrôle. Der ûntstie wol in soad skea troch reek en bluswetter.
It plysjeburo wurdt de kommende wiken opknapt. Nei ferwachting giet it gebou op 5 maaie wer iepen. Minsken kinne oant dy tiid oanjefte dwaan yn it plysjeburo oan de Geert Knolwei op 'e Jouwer.