Mear Friezen yn de skuldhelp

Hieltyd mear Friezen sitte yn swierrichheden fanwege skulden. Dat seit Ger Jaarsma fan de Gemeentlike Kredytbank dy't oan skuldhelp docht. De krisis dy't begûn yn 2008 fernimme de minsken no echt yn de beurs. Jaarsma hopet dat it mei yngong fan 2016 wer wat better wurde sil.
Brânzjeferiening foar skuldhelpferliening en sosjaal bankieren NVVK makke moandei bekend dat it tal skuldhelpgefallen lanlik bot tanaam is. De effekten fan de finansjele krisis wurde hieltyd sichtberder en soarchliker, en ek de problemen dy't dêrút weikomme.