4 skriezen mei stjoerder werom

It giet net goed mei de skries, mar it liket wol aardich goed te gean mei de 23 skriezen mei lytse stjoerderkes dy't folge wurde troch de Ryksuniversiteit Grins en it projekt Kening fan de Greide. Fjouwer fan dy 23 binne wer yn Fryslân delstrutsen. De measten binne noch ûnderweis.
Skries Amalia wurdt al in skoft folge troch muzikant en fûgelleafhawwer Sytze Pruiksma. Nei de lange reis út Afrika dûkte Amalia earder dizze moanne wer op yn fûgelreservaat Skrins tusken Britsum en Easterlittens. Pruiksma is dêr ek geregeld te finen.
It projekt 'Kening fan de greide' komt op foar in wize fan buorkjen dy't ek kânsen biedt oan greidefûgels lykas de skries. Dat is hurd nedich, want it tal briedende skriezen is sûnt 1960 mei 75% tebekrûn. 'Kening fan de greide' is in ynternasjonaal projekt, dat ek kontakten leit yn de gebieten dêr't de fûgels winterdeis tahâlde yn Spanje, Portugal en Afrika. De minsken fan 'Kening fan de greide' gean meikoarten yn petear mei steatssekretaris Sharon Dijksma fan lânbou.