Twa reaksjes oprop nierdonor

Nierpasjint Henk Nieuwenhuis hat gau in nije nier nedich
Nierpasjint Henk Nieuwenhuis fan Snits hat twa reaksjes krigen fan potinsjele nierdonoaren. Ferline wike fertelde de 66-jierrige nierpasjint op Omrop Fryslân Televyzje dat er gau in nije nier nedich hat. Hy hie dêrfoar in oprop yn it tsjerkekrantsje fan de Protestantske gemeente fan Snits set.
Nieuwenhuis is wiis mei de reaksjes nei de útstjoering. 'It is hiel bysûnder dat ûnbekenden reagearje. It betsjut lykwols noch net dat ien fan beide manlju úteinlik ek in nier ôfstiet. Dat moat earst medysk útsocht wurde.'
Nieuwenhuis mei him dêr fierder ek net mei bemuoie fanwegen de anonimeit fan in donor. It MCL yn Ljouwert hâldt kontakt mei de mooglike nierdonoaren.
De soan fan Nieuwenhuis kin gjin donor wurde, om't er deselde niersykte hat as syn heit. Syn dochter soe it wol wolle, mar kin noch bern krije. It doktersadvys is om dan gjin donor te wurden. It komt hieltyd faker foar dat minsken ûnbekenden freegje om in nier te donearjen.