Frou oppakt nei stekynsidint

31 mrt 2014 - 10:00

De plysje hat sneintejûn in 36-jierrige frou fan It Hearrenfean oanhâlden nei in stekynsidint oan de Jan Mankesleane yn dat plak. Dêr wie in 39-jierrige man yn 'e rêch stutsen. Syn ferwûnings foelen ta, sa die bliken op de húsdokterspost. De man hie mar in lytse ferwûning oprûn.

De frou wie dêrnei rjochting Europaleane rûn. Se waard efkes letter oanhâlden yn de C. Gerritsmastrjitte. De oarsaak fan it stekynsidint leit nei alle gedachten yn de relasjonele sfear. De frou sit fêst op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)