Gjin doelpunten by Cambuur-AZ

Cambuur hat snein yn Ljouwert mei 0-0 gelyk spile tsjin AZ. Oan de ein waard it noch spannend. Yn de trije minuten ekstra tiid gienen de Ljouwerters op jacht nei de winnende treffer, mar dat slagge net. De ploech fan Dwight Lodeweges hat in punt helle, mar hie sjoen it nivo de wedstriid winne kinnen.
De Ljouwerters steane no op it alfde plak mei 35 punten.