Wrâldrekôr mei elektryske fyts

Mei 150 elektryske fytsen achter inoar oan is snein by Makkum in wrâldrekôr helle. Yn ien lange rigele gie it by de Iselmarkust del. Mei dizze promoasjestunt foar de e-bike betsjut dat in fermelding yn it Guinness Book of Records. De lange-ôfstânsfyts moat in alternatyf foar de auto wurde.
Fryslân hat mear as 200 oplaadpunten foar de e-bike. De fytsers fermakken har goed yn it sintsje.