Utgeansgeweld yn Kollum

© ANP XTRA
Yn Kollum hat de plysje sneontenacht trije minsken oanhâlden by it útgean yn dat doarp. Om in oere as trije hienen befeiligingsmeiwurkers fan in bar in 20-jierrige Kollumer oanhâlden nei't er in 19-jierrige plakgenoat bedrige hie. Wat letter hâlde de plysje in 20-jierrige man út de gemeente Dongeradeel oan nei't er in 18-jierrige frou út Damwâld in kopstjit ha jûn soe. Ek is in 17-jierrige frou út Koatstertille is oanhâlden om't se in frou (20) út Bûtenpost slein hie. Alle fertochten krije proses-ferbaal.