Feanster mei drugs oanhâlden

30 mrt 2014 - 10:17

Yn Drachten hat de plysje sneontemiddei op de Noarderdwersfeart in 22-jierrige man út Surhústerfean op in snorfyts oanhâlden. By kontrôle die bliken dat er gjin rydbewiis hie.
De plysje rûkte in walm fan hennep. It die bliken dat er goed 40 gram softdrugs by him hie. Hy is meinaam nei it buro en krige in boete. De drugs binne ferneatige.

Trefwurden: 
Drachten plysje drugs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)