SC H'fean lyk tsjin Vitesse

29 mrt 2014 - 23:50

SC Hearrenfean hat sneontejûn mei 2-2 lyk spile yn de útwedstriid tsjin Vitesse. Vitesse kaam yn de 30e minút op foarsprong troch in goal fan Mike Havenaar. Yn de 39e minút makke Alfred Finnbogason de lykmakker. Syn 25e kompetysjegoal. Yn de twadde helte kaam Hearrenfean op foarsprong troch in kopbal fan Bilal Basacikoglu. Traoré bepaalde einstân op 2-2. By SC Hearrenfean ûntbruts Van la Parra. Hy wie dissiplinêr skorst troch trainer Marco van Basten. It wie it fjirde lykspul op rige tussen beide ploegen yn de Gelredome.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)