Marsum gjin Kearn mei Pit

29 mrt 2014 - 17:25

Marsum is net de Kearn mei Pit fan 2014 wurden. De jierlikse, lanlike wedstriid is foar it doarp of foar de stêd dy't binnen in jier tiid in idee útfiert dat goed is foar it wenjen yn it plak. Marsum kaam foar Fryslân út mei ûnderhâld fan iepenbier grien. De doarpsbewenners hawwe dat foar in diel fan de gemeente oernaam.

De wedstriid wurdt útskreaun troch de Keninklike Nederlânske Heidemaatskippij. De priis gie sneon yn Utrecht nei Nieuw-Buinen yn Drinte foar in ruilguodbank.

Trefwurden: 
Marsum Kearn mei pit
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)