Snorfyts stellen op It Fean

29 mrt 2014 - 14:03

In 51-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is trappearre op it stellen fan in snorfyts. De man waard troch in foarbygonger sjoen, doe't er de snorfyts meinaam út De Wilg yn syn wenplak. De foarbygonger warskôge de plysje. Dy koe de man koart dêrnei oppakke.

De fertochte is meinaam nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk. De snorfyts is wer fûn.

Trefwurden: 
It Hearrenfean snorfyts
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)