Staazje yn oarlochsgebiet

Learlingen fan de oplieding feiligens en fakmanskip fan de Friese Poort sette moandeitemoarn ier en betiid ôf nei Bosnië. Doel is dat se dêr ûnderfine wat oarloch mei minsken docht. De learlingen sille yn it lân oan 'e slach, om yn kontakt te kommen mei de bewenners. Sa sille se ûnder oare in skoalle opknappe.
Mei-elkoar geane 55 learlingen nei Bosnië ta en trije begelieders. Kommende freed komt de groep werom.