Fytser ûnder frachtwein

© ANP XTRA
In 19-jierrige fytser út in doarpke yn Smellingerlân is freed ferwûne rekke by in ûngelok yn Surhústerfean. De jongeman waard oanriden troch in frachtwein, doe't dy achterút ried. De jongeman bedarre ûnder de auto, mar koe dêr al gau wer ûnderwei helle wurde.
De fytser is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.