Marsum mooglik Kearn mei Pit

Marsumers binne sneon nei Utrecht ôfreizge foar de Kearn mei Pit. De lanlike wedstriid fan de Keninklike Nederlânske Heidemaatskippij is alle jierren. Dêrby giet it derom dat bewenners binnen in jier tiid in idee útfiere dat goed is foar in doarp of stêd. Marsum is foar Fryslân útkeazen, omdat it doarp hieltyd mear ûnderhâld fan iepenbier grien oernaam hat fan de gemeente.
Boargemaster Van Mourik fan Menameradiel is ek mei de Fryske delegaasje nei Utrecht. De winner kriget trijetûzen euro. De útslach wurdt sneontemiddei bekend makke.