Gjinien drankrider trappearre

29 mrt 2014 - 11:59
Alkoholkontrôle - Foto: ANP

De plysje hat freedtejûn by in alkoholkontrôle gjinien trappearre op it riden mei tefolle drank op. De kontrôles wiene op de Haadwei yn Damwâld, op de Foarstrjitte en Boppewei yn De Westereen en op de Lauwersseewei by Rinsumageast.

Mei-elkoar moasten 279 automobilisten blaze. De plysje is tige te sprekken oer it resultaat.

Trefwurden: 
plysje drankkontrôle
(advertinsje)
(advertinsje)