Nij bleatefuotterekôr Thialf

29 mrt 2014 - 11:16

'The Iceman' Wim Hof hat freedtejûn op Thialf syn eigen rekôr ferbrutsen. Hy besocht mei hûnderten minsken op bleate fuotten in kilometer op it iis te rinnen. Ferline jier hie er 361 dielnimmers. Hy woe dat rekôr ferbetterje en dat is slagge. Dizze kear weagen 446 minsken harren op bleate fuotten op it iis fan Thialf. Se rûnen 1100 meter. Dat kriget in fermelding yn it Guinness Book of World Records.

Hof is bekend fan allerhanne kjeldrekôrs, lykas mear as in oere yn in bak mei iisklontsjes stean.

Trefwurden: 
Thialf iis The Iceman Wim Hof
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)