Fanfarekampioenskip by Omrop

29 mrt 2014 - 10:27

Omrop Fryslân stjoert ek dit jier de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen út. Dy wurde it kommend wykein hâlden yn De Lawei yn Drachten. Der dogge 35 fanfares út hiel Nederlân oan mei, ferdield oer fiif divyzjes.

It kampioenskip begjint freed om fiif oere en krijt sneon om healwei alven in ferfolch. It is by Omrop Fryslân te sjen op it ynternetkanaal Omroplive.nl. Der wurde ek lûdsopnamen makke, dy't letter op it Koperkanaal útstjoerd wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)