Oere ljocht út yn Fryslân

Op ferskate plakken yn Fryslân giet sneontejûn it ljocht in oere út. Op inisjatyf fan it Wereld Natuur Fonds freegje bedriuwen, gemeenten, organisaasjes en partikulieren sa omtinken foar in duorsume takomst fan de ierde. Under oare by de molens op de bolwurken yn Dokkum giet it ljocht út, ek wurdt it ljochtkeunstwurk fan it sikehûs yn Ljouwert útset.
Ek yn Ljouwert wurdt ek in optocht fan it Wilhelminaplein nei it Gouverneursplein hâlden. Dat lêste plein wurdt foar de gelegenheid ferljochte mei kearskes. Ek binne der akoestyske optredens.