Boalsert hat eigen Voedselbank

28 mrt 2014 - 19:07

Fanwege in groeiend tal kliïnten hat Boalsert in eigen Voedselbank krigen. De bank waard freedtemiddei iepene. Foarhinne waarden de pakketten yn Boalsert fersoarge troch de Voedselbank yn Harns, mar troch de tanimmende fraach slagge dat net mear. De Voedselbank yn Boalsert begjint mei fyftich kliïnten, dy kinne ien kear yn de moanne in pakket ophelje.

Trefwurden: 
Boalsert Voedselbank
(advertinsje)
(advertinsje)