Fytspaad Ljouwert letter klear

28 mrt 2014 - 18:57

It wurk oan it nije fytspaad tusken Wurdum en Ljouwert duorret langer as ferwachte. It paad soe moandei wer iepen, mar dat wurdt nei alle gedachten twa wiken letter. Dat komt ûnder oare omdat it oansluten fan de ferljochting noch net klear is. Wol is der de ôfrûne wike nij asfalt oanbrocht.

It nije fytspaad makket ûnderdiel út fan de nije westlike tagongsdyk nei Ljouwert.

Trefwurden: 
Ljouwert Wurdum fytspaad
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)