Noch gjin nijbou yn Súdlannen

15 feb 2012 - 10:57

De bou fan 300 huzen yn it plan Wiarda yn de Súdlannen by Goutum kin net samar trochgean. Dat hat de Ried fan Steat útsprutsen.

Troch de bouplannen wurde de greidefûgels fersteurd. De gemeente Ljouwert kin net goed genôch oanjaan wêr't de fûgels skielk hinne moatte, seit de steatsried. De gemeente hat wol in akkoart mei de provinsje oer de oankeap fan grûn foar greidefûgels by Jorwert, mar dat fynt de Ried fan Steat noch te faach. Ek hat de gemeente gjin kompensaasje foar it gebiet súdlik fan 'e Hounsdyk by Goutum.

Dat gebiet wurdt net beboud, mar wurdt wol sa bot fersteurd troch de nijbou dat de fûgels der lêst fan hawwe. De gemeente krijt no in heal jier de tiid om oan te jaan hoe't de fersteuring fan greidefûgels opheind wurde kin. De gemeente woe takom jier begjinne mei it bouryp meitsjen fan it plan Wiarda.

Neffens wethâlder Henk Deinum is de ekstra kompinsaasje foar greidefûgels gjin probleem. Hy seit dat der al petearen binne mei grûneigners by Jorwert en as dêr gjin ekstra grûn kocht wurde kin, binne der noch oare lokaasjes dy't de gemeente op it each hat. Deinum tinkt ek dat der hjirtroch gjin fertraging ûntstiet.

Doarpsbelang Goutum is hiel benijd oft it de gemeente yndied slagget om gau grûn oan te keapjen. Mocht dat dochs langer as in heal jier duorje, dan kin de bou dochs faai komme te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)