'Gau dúdlikens oer fearstriid'

28 mrt 2014 - 16:33

It kolleezje fan berop foar it bedriuwslibben moat sa gau as mooglik mei in definitive útspraak komme oer it skeel tusken de EVT en Doeksen. Mei dy oprop komt Twadde Keamerlid Sander de Rouwe fan it CDA. It kolleezje moat noch dit jier ta in beslút komme oer de konsesjeferliening fan de feartsjinsten tusken Harns en Skylge, mar neffens De Rouwe lit dy útspraak te lang op him wachtsje. Dertroch bliuwt de striid tusken EVT en Doeksen bestean en de reizger driget dêr de dupe fan te wurden.

Trefwurden: 
EVT Sander de Rouwe Doeksen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)