Huisman moat rektifisearje

Feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts hat it koart pleit tsjin Jacob Huisman, de soan fan keunstskilder Jopie Huisman, wûn. Neffens de rjochter hat Jacob Huisman it feilinghûs dat skilderijen fan syn heit feilt ûnterjochte swart makke.
Huisman sei dat it feilinghûs mei sin ferfalske skilderijen fan syn heit feilde. Neffens de rjochter kin dit net bewiisd wurde en hat Huisman de goeie namme fan it feilinghûs skeind. Huisman moat binnen twa wike yn ferskate media in rektifikaasje pleatse dêr't yn stiet dat hy it feilinghûs ûnterjochte beskuldige.