Zomer ferlit Hearrenfean

Ramon Zomer © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Ramon Zomer ferlit oan de ein fan dit seizoen Sportklup Hearrenfean. It kontrakt fan de 30-jierrige ferdediger rint oan de ein fan dit seizoen ôf en wurdt net ferlingd. Zomer is net ferwûndere: "Dit zag ik wel aankomen. Ik zie het ook als een mooie stap om eens naar het buitenland te kijken."
Zomer spile de lêste trije jier 65 wedstriden foar Hearrenfean en skoarde dêryn twa kear. Dit seizoen rekke hy syn basisplak kwyt ûnder trainer Marco van Basten.