'Undúdlikens is in minne saak'

De fearboat fan rederij Doeksen nei Flylân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De ûndúdlikens oer de feartsjinsten fan en nei Skylge bliuwt en dat is in minne saak foar Flylân en syn ynwenners. Dat seit boargemaster Ella Schadd fan Flylân. Neffens Schadd is it tige spitich dat it steatsekretaris Mansveld net slagge is om EVT en Doeksen op ien line te krijen. Seis wiken lang hawwe de partijen mei elkoar om tafel sitten. Doel wie om de frede tusken EVT en Doeksen te tekenjen. EVT soe dan oernaam wurde troch Doeksen, mar de deal gie úteinliks net troch omdat EVT in te heech bedrach frege as fergoeding.