Feroarsaker ûngelok frijlitten

© ANP XTRA
In 25-jierrige man út Sint Nyk is frijlitten troch de plysje. Hy wie oanhâlden foar it feroarsaakjen fan in ûngelok yn Aldehaske. De man kaam ôfrûne woansdeitejûn yn oanriding mei in oare auto. De bestjoerster fan dizze auto, in 39-jierrige frou út Vegelinsoard, ferstoar letter oan de gefolgen fan de botsing. Har 12 jierrige dochter rekke by de oanriding ferwûne. It ûndersyk nei it ûngelok is noch geande, maar de man hoecht neffens de plysje net langer fêst te sitten.