SWF net bliid mei 130 km

28 mrt 2014 - 14:05

De gemeente Súdwest-Fryslân is net bliid dat it ferkear op de A7 by Boalsert 130 riden bliuwe mei. De rjochtbank hat sein dat de snelheid goed is. Neffens de rjochtbank komt de ferkearsfeiligens mei dizze maksimumsnelheid net yn gefaar en komt it lûd net boppe de lûdsnoarmen út. Gemeente Súdwest-Fryslân hie beswier oantekene doe't der troch it regear yn septimber 2012 besletten is om de snelheid fan 120 nei 130 te ferheegjen. De gemeente wit noch net oft se tsjin de útspraak yn berop gean sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)