Ferkearsregelaar mishannele

De plysje stelt in ûndersyk yn nei in gefal fan bedriging en poging ta mishanneling fan in ferkearsregelaar. Dat barde tiisdeitemiddei op it Drachtsterplein yn Ljouwert.
By asfaltearringswurk moast de ferkearsregelaar fan in bestjoerder fan in giele Seat oan 'e kant. Doe't er dat net die, waard er inkelde kearen tsjin syn skonken oanriden. De fekearsregelaar is dêrnei foar syn eigen feiligens oan kant sprongen. Hy rekke net ferwûne, mar de plysje nimt de saak heech op.