Van Wijnen mei fabryk bouwe

28 mrt 2014 - 12:24

It nije fabryk fan suvelprodusint Ausnutria Hyproca op It Hearrenfean sil boud wurde troch boubedriuw Van Wijnen fan De Gordyk. It giet om ien fan de grutste oarders út de skiednis fan Van Wijnen. Njonken de A7 komt in gebou fan 300 meter lang. Dêr wol Ausnutria Hyproca baby-iten produsearje foar benammen de Aziatyske merk.

Mei-inoar wurdt der troch Ausnutria Hyproca goed 150 miljoen euro ynvestearre op It Hearrenfean. It fabryk moat yn 2015 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)