Dunlop-rotonde oanpast

28 mrt 2014 - 11:57

Yn Drachten wurdt de rotonde tichtby it autobânfabryk fan Dunlop grutter makke. Troch de weriepening fan de Drachtsterfeart is it fabryk net langer oer it Mûnein te berikken en moat der omriden wurden. De rotonde yn de Lange West is lykwols net oanlein foar fachtweinkombinaasjes dy't langer binne as 21 meter. Dêrfoar wurde no faak spesjale begelieders ynhierd.

Mei fanwege de ferkearsfeiligens yn it fabryksgebiet sil de gemeente Smellingerlân de rotonde oanpasse foar transporten fan en nei Dunlop.

Trefwurden: 
Drachten ferkear rotonde Dunlop
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)