Sieraden stellen yn Brantgum

28 mrt 2014 - 10:07

By in ynbraak yn in hûs oan de Fjildbuorsterwei yn Brantgum binne ferline wike sieraden en âlde munten stellen. Tsjûgen hawwe woansdei, de dei fan de ynbraak, in pearse BMW by it hûs sjoen.

De plysje tinkt dat dit de auto fan de ynbrekkers west hat en siket op dit stuit de eigener fan de wein.

Trefwurden: 
plysje ynbraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)