Proef mei moksels Feugelpôlle

28 mrt 2014 - 06:58

Oan de kust fan It Amelân is tongersdei úteinset mei it tredde en lêste eksperimint mei natuerlike klimaatbuffers. Op trije lokaasjes by de Feugelpôlle is materiaal dellein dêr't lytse moksels har op festigje kinne. It giet om in kombinaasje fan hout en in kokosmatte en om ierappelsetmoal.

Undersikers hoopje dat de moksels op de Feugelpôlle bliuwe en sa in natuerlike klimaatbuffer foarmje. Op dizze wize kin it gebiet dan beskerme wurde tsjin eroazje en hege golven. Earder hawwe de ûndersikers al klaaidammen en riishoutdammen pleatst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)