Nije hoareka-ôfspraken Skylge

27 mrt 2014 - 17:04

De hoareka op Skylge sil tenei sels tasjen op it neilibjen fan de nije alkoholwet. Fan 1 jannewaris ôf meie jongeren ûnder de 18 jier gjin alkohol mear keapje. Tongersdei hat de gemeente mei de hoareka-ûndernimmers ôfspraken makke. Kontrôles wurken net, ûnder oare omdat de kontroleurs tige maklik te herkennen wiene.

De kontrôles wurde tenei útfierd troch mystery-guests. Meiwurkers fan Bureau Horeca Bijzondere Wetten sille dit seizoen kontrolearje oft jongeren ûnder de 18 jier ek drank keapje. Dat bart anonym.

De nije oanpak wurdt earst foar in perioade fa twa jier ynset yn hoareka en winkels op Skylge en de oare Fryske Waadeilannen.

Trefwurden: 
Skylge hoareka
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)