Mooglik trochstart Mercurius

14 feb 2012 - 23:05

In groep fan âld-meiwurkers fan de Ljouwerter lokale omrop Mercurius wol de omrop ûnder de namme Kwik nij libben ynblaze. By in gemeentlike ynformaasjejûn oer de takomst fan Mercurius makken de inisjatyfnimmers harren bekend. Mercurius sit finansjeel yn swier waar en de meiwurkersgroep leit útinoar troch konflikten. Kwik wol de stjoermachtiging en de fasiliteiten fan Mercurius brûken bliuwe.

De gemeente is ferrast troch in inisjatyf en besjocht oft it kâns fan slagjen hat.

Op fersyk fan it sittend bestjoer, besjocht de lokale omrop fan Boarnsterhim, wêrmei't Ljouwert fuseare sil, oft dy Mercurius oernimme kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)