Saak De Vries: 30 jier easke

27 mrt 2014 - 14:57

It Iepenbier Ministearje hat tongersdei foar it gerjochtshôf 30 jier selstraf easke tsjin de man dy't Murkje de Vries om it libben brocht. De 49-jierrige man waard fiif jier lyn troch de rjochtbank feroardiele ta 24 jier sel. Neffens de advokaat fan de fertochte soe de man ta syn die kaam wêze om't er in agressive reaksje hie op it anti-depressivum Paroxetine.

De sussen fan Murkje de Vries hawwe tongersdei emosjoneel sprutsen by de behanneling fan it heger berop yn de Koatstertilster moardsaak.

De 36-jierrige Murkje de Vries út Koatstertille waard seis jier ferlyn deasketten troch har eks-freon. Earder waard sein dat de fertochte nea ta syn die kaam wie, as er net ûnder ynfloed west hie fan antydepressiva. Dat wie de konklúzje fan it ûndersyk fan de Pompeklinyk yn Nijmegen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)