'Goed dat Van der G. frijkomt'

It is terjochte dat Volkert van der G., de man dy't Pim Fortuyn deasketten hat, frij komt fanwege goed gedrach. Dat seit advokaat Tjalling van der Goot fan Ljouwert. De foarriedige ynfrijheidsstelling is neffens de wetlike regels en dêr kin yn it gefal fan Van der G. gjin útsûndering op makke wurde, seit Van der Goot.
In soad minsken begripe net dat de man dy't Fortuyn ombrocht hat, net syn hiele straf út hoecht te sitten, foaral omdat de moard sokke grutte gefolgen hân hat foar it lân.
Ut reaksjes op de reade tried fan tongersdei by Omrop Fryslân docht bliken dat in grutte mearderheid fynt dat feroardielden har hiele straf útsitte moatte. Neffens Van der Goot is de achtergrûn fan foarriedige ynfrijheidsstelling foaral dat minsken op dizze wize better taret wurde kinne op har weromkear yn de mienskip, as har straf der opsit. Soks hat mear kâns fan slagjen as dat bart yn de mienskip sels, mei in proeftiid.