Frou ferstoarn nei autoûngelok

27 mrt 2014 - 14:14

De 39-jierrige frou fan Vegelinsoard dy't woansdeitejûn slim ferwûne rekke by it ûngelok op de Dolten yn Aldehaske is tongersdei ferstoarn. De frou ried mei har 12-jierrige dochter yn 'e auto doe't se yn botsing kaam mei in automobilist (25) út Sint Nyk. De frou waard woansdeitejûn mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht, dêr't se tongersdei ferstoar. Hoe't it mei it 12-jierrige famke giet is noch net bekend.

De man út Sint Nyk is meinaam nei it buro foar ferhoar. De plysje docht noch ûndersyk nei de krekte tadracht.

De man út Sint Nyk sit noch fêst.

Trefwurden: 
ûngelok Aldehaske ferstoarn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)