Plysje fynt himpôffal by A7

27 mrt 2014 - 10:47

De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei 22 jiskepûden mei ôffal fan in himpplantaazje fûn by it fiadukt op de A7 by Surch. Dat twitteret de plysje fan Snits. Yn de jiskepûden sieten ûnder oare lampen, potgrûn en restplanten.

Rykswettersteat hat de jiskepûden meinaam en ferneatigje litten.

Trefwurden: 
himp himpplantaazje
(advertinsje)
(advertinsje)