Blog: Omrop Fryslân mediapartner Special Olympics

27 mrt 2014 - 09:34

Omrop Fryslân hat him as mediapartner ferbûn oan de Special Olympics Nationale Spelen. Dy nasjonale spelen foar minsken mei in ferstanlike beheining (G-sporters) wurde dit jier organisearre op It Hearrenfean en yn Snits. Fan 13 o/m 15 juny komme 2.000 sporters en harren 650 coaches nei it evenemint ta. Omrop Fryslân hat yn de oanrin nei it evenemint op radio, televyzje en ynternet omtinken foar de dielnimmers fan de Special Olympics.

Alle sporters binne keppele oan in promininte coach dy’t har/him de kommende tiid ynsette sil foar de ferbettering fan de posysje fan de G-sporters. Dat binne Barbara de Loor, Lutz Jacobi, Foppe de Haan en Jan Posthuma. Omrop Fryslân folget de kommende tiid fjouwer Fryske sporters en harren spesjale coaches by de tariedings op de Spelen. It giet om fuotballer Jeffrey van Uffelen dy’t mei syn team meidocht oan it fuotbaltoernoai en syn coach Foppe de Haan, kuorbalster Alyce Norbruis en har coach Lutz Jacobi, siler Jacob van der Meulen en syn coach Jan Posthuma en swimster Aaltsje van der Iest en har coach Barbara de Loor.

Dizze wike wurdt yn it televyzjeprogramma Bynt (alle wurkdagen fan 18:30 oere ôf) in reportaazje útstjoerd oer ien fan dy fjouwer dielnimmers. Op de website fan Omrop Fryslân stiet fan 1 april ôf in aparte side foar it evenemint. Dêr kinne jo de tariedings en ûnderfinings fan de fjouwer dielnimmers op ‘e foet folgje. Ek op Omrop Fryslân Radio is der elk wykein omtinken foar it evenemint. Ynterviews mei de organisaasje, de coaches en de sporters sels binne alle wiken te hearren yn it middeisprogramma op sneon en snein (tusken 13:00 en 18:00 oere op 92.2 FM).

De organisaasje fan Special Olympics is bliid mei alle oandacht dy’t it evenemint krijt. ,,We zijn erg content met de aandacht van Omrop Fryslân voor ons evenement. De Nationale Spelen vormen een prachtig podium om de doelgroep en de mogelijkheden van G-sport onder de aandacht te brengen. Sport is niet alleen goed voor de gezondheid maar het draagt ook bij aan hun zelfvertrouwen en eigenwaarde”, sa seit projektlieder Baukje Wallendal.

Trefwurden: 
argyf Special Olympics
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)