Beskerming kwelder It Amelân

27 mrt 2014 - 07:01

Op It Amelân wurdt tongersdeitemiddei de lêste hanneling dien fan in eksperimint om de Feugelpôlle te behâlden. De Feugelpôlle is in kwelder oan de súdwestkant fan it eilân. De ôfrûne jierren is in grut part fan de kwelder ferdwûn.

Yn 2012 is Steatsboskbehear begûn mei in eksperimint om de kwelder mei in saneamde klimaatbuffer te beskermjen tsjin eroazje troch de see. Sa is der de ôfrûne tiid in klaaidaam mei skulpen oanbrocht en wurdt der in mokselbank kreëarre. De Feugelpôlle is in populêr briedgebiet foar ûnder oare de grutte stirns.

Neffens Marjan Veenendaal fan Steatsboskbehear binne de earste resultaten posityf. De proef wurdt oant en mei 2022 yn 'e gaten holden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)