Slagge rêdingsoefening KNRM

De kustwacht en de KNRM hawwe woansdeiteûn in grutte oefening hâlden op de Noardsee. De oefening wie krekt boppe It Amelân en Skylge. It wie ien fan de grutste oefeningen dy't de rêdingteams dogge. Der waarden in helikopter en fleantúch ynset. By de aksje moasten de meiwurkers fan de KNRM en de Kustwacht sykje nei in pop dy't yn it wetter smiten wie.
Peter Westenberg, oefenlieder fan de Kustwacht, is te sprekken oer it ferrin fan de oefening. Doel is om elk jier ferskate senario's te oefenjen, om sa tared te wêzen op foarkommende situaasjes.