Skipke werom op toer Wierum

27 mrt 2014 - 06:06

De tsjerketoer fan Wierum hat syn gouden skipke werom. It model út 1840 wie mei de stoarm yn oktober sa swier beskeadige dat restauraasje needsaaklik wie. Boubedriuw Van der Werff út Dokkum hat it skipke wer hielendal oplape. It skipke is op 'e nij 'fergulde' en is tongersdeitemoarn mei in teleskoopkraan wer boppe op de toer set.

It model fan in Wierumer aak, in fiskersskip, mjit 1.23 by 1.16 sintimeter en ferwiist nei de maritime skiednis fan it doarpke direkt oan de Waadsee. De kosten wurde mei-inoar rûsd op sa'n 10.000 euro.

De gemeentlike monumintesoarch fan Dongeradiel neamt it skipke unyk, omdat yn de measte doarpen yn Fryslân in hoanne op de tsjerketoer stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)