Soarch oer sûnens Sven Kramer

26 mrt 2014 - 22:14

Reedrider Sven Kramer is noch hieltyd net folslein sûn. Kramer moast earder dizze moanne ûnder it mes foar in operaasje oan syn luchtwegen. Syn herstel giet lykwols min. Ferline wike moast de reedrider foar in yngreep werom nei it sikehûs. Neffens coach Gerard Kemkers fielt Kramer him noch hieltyd net goed. "Zijn herstel gaat nog niet zo voorspoedig als we zouden wensen", seit Kemkers. Kramer is dêrom woansdei ek mar koart by it ôfskiedsfeest fan sponsor TVM.

Trefwurden: 
Sven Kramer reedriden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)