Epke Zonderland yn twa finales

26 mrt 2014 - 21:25

Turner Epke Zonderland hat by de Wrâld Challenge Cup yn Doha (Katar) twa finaleplakken helle. Hy kwalifisearre him as tredde foar de brêge mei in skoare fan 15.250 punten en as twadde foar de finale oan de rekstôk. Hjir helle er 15.400 punten. De Japanner Yusuke Saito wie oan it rek krekt better mei 15.550 punten. De tastelfinales binne tongersdei en freed.

Trefwurden: 
Epke Zonderland turnje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)