Fragen oer trainingssintrum

© ANP XTRA
It trainingssintrum foar jonge toptalinten foar it reedriden moat op It Hearrenfean bliuwe. Dat fynt de steatefraksje fan de FNP. Se hawwe dêrom fragen steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten. De FNP wol ûnder oare witte oft Deputearre Steaten al langer op de hichte wiene fan it nijs dat it trainingssintrum mooglik nei Grins ta giet.
De partij hat benammen soargen oer de eventuele gefolgen dy't dizze kar hat foar it nije Thialf.